LTO Noord sjocht goede punten yn duorsume lânbou-advys, mar tekenet noch net

Lânbou-organisaasje LTO set fraachtekens achter it advys fan in kommisje ûnder lieding fan âld-minister Cees Veerman foar in duorsume lânbou. Yn dat advys dat tongersdei fia De Volkskrant nei bûten kaam stiet dat de oerheid de lieding nimme moat by de ferduorsuming fan de sektor en beskerming fan de natuer oant op it hiem fan de boer. LTO sjocht goeie punten yn it advys, mar hat it net ûndertekene.
Trienke Elshof © Omrop Fryslân
De kommisje komt mei it advys nei oerlis mei ferskate organisaasjes en bedriuwen dy't wat mei de lânbou te meitsjen hawwe, sa as bygelyks LTO, Agractie, suvelbedriuw FrieslandCampina, de Rabobank, natuerorganisaasjes en wittenskippers. Neffens de kommisje moat der in konkreet plan komme foar de lânbou en dêrby kin it ek nedich wêze om boeren op te lizzen om te ferhûzjen.

Frijwilligens

Foarsitter Trienke Elshof fan LTO Noord fynt it oan de iene kant in 'moaie en goede fisy': "Sy pleitsje ek foar in oanpak foar de lange termyn, in stikstoffûns, in grûnbank, in kredyt- en garânsjeregeling. En sa wol mear dingen dy't wy stypje kinne. Mar wy hawwe wol altyd sein as it opkeapjen fan boeren giet: it moat op basis fan frijwilligens barre en it fertsjinmodel fan de boer moat ek oerein bliuwe. En dy lêste punten fine wy net goed werom yn it stik."

Mear sels

As it giet om dat opkeapjen, dan kinne boeren en provinsjes harren sels wol rêde, fynt Elshof. "No't de provinsje de regeling iepenset, sjogge wy ek dat der mear belangstelling is foar opkeap as dat der middels binne. Hjir wurdt wol echt in stjoering út it Ryk wei foarstien. Mar wy fine dat de sektor en de provinsjes der sels ek mei oan de gong gean yn de gebieten. Dan komt dy beweging ek wol op gong. Wy fine dat it minder stjoerend en twingend moat."
Dochs tinkt Elshof wol dat it advys de saak stipet. "Wy moatte wol wer fierder, ek mei sa'n notysje. It helpt altyd in bytsje."
Trienke Elshof fan LTO Noord