Ald-topkeatsers Van der Meer en Van der Meulen begjinne útstjoerburo

01 apr 2021 - 19:22

In boppeslach foar minsken dy't wurk sykje: âld-topkeatsers Rutmer van der Meer en Johan van der Meulen begjinne harren eigen útstjoerburo.

Johan van de Meulen en Rutmer van der Meer fan Spikers - Foto: IMAZZO

Just yn de stêd dêr't sy beiden skitteren op it hillige gers fan it Sjûkelân komme de beide manlju mei in útstjoerburo. Foar Rutmer van der Meer is dat net nuver. Hy die nei syn keatskarriêre al ûnderfining op. "Ik bin begûn yn 'e bou, as ynstallateur. Al gau kaam ik terjochte yn 'e útstjoerbrânsj. Sa ha ik ûnderfining op dien by Randstad en AB Vakwerk."

Keatsnetwurk

Van der Meer tinkt dat it helpt dat beide manlju topkeatsers west hawwe. "We hawwe yn de rin fan de jierren wol in netwurk opboud. Ek troch it keatsen. We hawwe op it heechste nivo keatst yn Fryslân en dat is dochs wol bysûnder. We hawwe moaie en belangrike partijen wûn. Al mei al helpt it keatsen wol mei."

De mentaliteit dy't heart by de topsport brûke de manlju no by harren ûndernimming. "Wy binne wol trochsetters. We wolle in soad berikke. As lyts jonkje keatste ik altyd al en ik woe graach nei dat heechste nivo ta. As je echt wat wolle, dan kinne je dat ek berikke. Ik tink dat dat mei it wurk ek is", seit Van der Meer.

Rutmer van der Meer

Mar is it opsetten fan in útstjoerburo yn coronatiid eins wol in goed plan? "We binne al in pear moannen dwaande. Dan komme je derefter dat in hiel soad bedriuwen it eins hartstikke goed hawwe en omkomme yn it wurk. Tuerlik, as je sjogge nei de hoareka- en evenemintebrânsj dy hawwe it hiel swier. Dêr hawwe wy net folle mei te krijen. Wy binne mear fan it grien en de timmermannen, dat soarte fan wurk. Alles hinget oan de huzemerk fêst en dat is booming business op it stuit", seit Van der Meulen.

Opstartproblemen troch de krisis hawwe de mannen dus gjin lêst fan. "Ik moat sizze dat it hiel aardich giet. We groeie alle wiken. We hawwe no goed tritich man oan it wurk", sa seit Van der Meulen.

Johan van der Meulen

(Advertinsje)
(Advertinsje)