"It betrouwen yn Rutte is skeind, de ferkenning moat fûneminteel oars"

01 apr 2021 - 18:36

It is it lanlike nijs fan de dei: Mark Rutte moat him ferdigjenje foar syn petearen mei de ferkenners yn in debat mei de Twadde Keamer. Hy moat útlizze dat er wol oer CDA-Keamerlid Pieter Omtzigt praat hat, want earder sei hy fan net. "Dit haw ik noch nea meimakke," seit Hildebrand Bijleveld, ûnder oaren kampanjelieder foar it CDA. Hy fynt dat it hiele ferkenningsproses ferkeard yninoar stekt en dat der fûneminteel wat feroarje moat.

Mark Rutte - Foto: ANP

De posysje fan Rutte stiet flink ûnder druk, seit Bijleveld. "Ik sjoch der mei ferbjustering nei. In minister-presidint dy't seit him net heuge te kinnen wat er fiif dagen lyn wiidweidich mei ferkenners bepraat hat. Dan moatte je wol in hiel sterk betrouwen hawwe yn politisy om dat te leauwen."

Rutte yn 'e knipe

Steatsrjochtlik is it yngewikkeld, leit Bijleveld út. "Om't Rutte as fraksjefoarsitter en net as minister-presidint tsjin de ferkenners praat. De angel is: fan wa hat Rutte heard dat hy wol oer Pieter Omtzigt mei de ferkenners praat hat? As er dat fan Algemene Zaken heard hat, is it wol in ministeriële ferantwurdlikens. En dan is in moasje fan wantrouwen wierskynlik en kin dat betsjutte dat er opstappe moat."

Dêrom is it ek dat Rutte net sizze wol wa't dat dan sein hat, mient Bijleveld. "Dêr gean ik hielendal fanút. In oare oplossing wit ik net, want der is net in oar dy't soksoarte dingen witte kin en him warskôgje kin."

Hildebrand Bijleveld

Betrouwen skeind

It betrouwen by de oare partijen liket fuort. Bijleveld: "De fraach is oft dit noch wol ta in nije stabile regearing liede kin. Of moat de hjoeddeiske regearing noch in skoftke demisjonêr troch ûnder in nije premier mei nije ferkiezingen letter? As de twa lieders mei harren ferkenners beiden it betrouwen fan de demokrasy skeind hawwe en de oare fraksjes it betrouwen yn harren kwyt binne, dan leit der foar de formaasje eins al in ynformele moasje fan wantrouwen."

Ferkenningsproses

Bijleveld fynt dat it proses fan de ferkenning foar in nij kabinet net mear goed yninoar stekt. "Eartiids wie it part fan de ferkenners by de keninginne. De formateurs hiene pas in politike posysje, mar dat is no al by de ferkenners sa. Dus ik fyn dat it hiele ferkenningsproses op 'e skop moat. Wy moatte der mei syn allen oer neitinke hoe't it fierder moat."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)