Omfallen kraan by Tersoal lang om let wer oerein set en opromme

01 apr 2021 - 18:08

It hat efkes duorre, mar de teleskoopkraan dy't moandei oer in feart súdlik fan Tersoal foel, is lang om let wer oereinset en opromme. "De skea liket wol ta te fallen, mar de kraan moat wol wer kard wurde. Want hy hat wol wat meimakke. Wy binne der aldergeloks goed foar fersekere, dus ik hoopje dat wy it grutste part út de fersekering krije kinne," seit direkteur Jan Spoelstra fan Kielstra Kraanverhuur.

Sa lei de kraan der by - Foto: CAMJO media

"It hat in dei langer duorre as dat wy tochten," jout Spoelstra ta. "Mar wy hiene drege omstannichheden. 'Haastige spoed is zelden goed,' sa sjogge je mar wer."

"Gewoan in fersin"

Je moatte altyd checke en dûbel checke, dat hat Spoelstra wol fan it hiele barren leard. "Alles lei der, alle rydplaten wiene der. Wy hiene gewoan net tocht dat it sa min wjerstân hawwe soe. Dat wie gewoan in fersin."

Put noch ôfmeitsje

Woansdei wie de ballêst der al ôf helle. "Dat wie it grutste probleem. En tongersdeitemoarn is de kraan oppakt en stap foar stap wer yn it juste spoar set. De kraan kin wer ride, mar wy helje de mêst der noch ôf. Mar it is slagge, alles stiet no wer netsjes op de tsjillen. Wy binne oan it opromjen, alles wurdt tongersdei en freed wer te plak set. En nije wike moatte wy it putsje noch ôfmeitsje. Want dat moat fansels noch wol," seit Spoelstra.

Direkteur Jan Spoelstra fan Kielstra Kraanverhuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)