Liander: stroom foar nijbou Ljouwert en bedriuwen It Hearrenfean net seker fanwege te min netkapasiteit

01 apr 2021 - 17:52

De problemen mei de kapasiteit fan it stroomnetwurk yn Fryslân binne noch folle grutter as it kolleezje fan Ljouwert sketst hat. Dat seit enerzjybedriuw Liander. As der net gau wat feroaret oan dat netwurk , dan kin de helte fan de wenten dy't Ljouwert bouwe wol yn de nijbouwyk Middelsee net oansluten wurde op it elektrisiteitsnet. Op It Hearrenfean spylje deselde problemen. Dêr is net genôch kapasiteit foar bygelyks in nij suvelbedriuw.

Problemen op elektrisiteitsnet

As in boer op dit stuit sinnepanielen op de dakken fan syn stâl hawwe wol, dan is dat dit jier net mooglik. "Fansels wurkje wy hurd oan nije ynnovaasjes om ús netwurk klear te krijen, mar op it stuit is de kapasiteit gewoan net genôch," seit Oeds Kuipers fan Liander.

10.000 huzen

En dat is min nijs foar de gemeente Ljouwert, dy't just krekt útsprutsen hat 10.000 nije huzen bouwe te wollen. In soarchsintrum, in skoalle of in grut sinnepark om al dy huzen fan stroom te foarsjen binne sa't it netwurk der no hinne leit net mooglik. Der wurdt wol hurd oan wurke. "Hjoed noch hie ik in oerlis oer it oanlizzen fan batterijen om stroom te bewarjen. Dat sjocht der posityf út," seit Kuipers.

Liander leit yn it WTC-gebiet nije buizen oan - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Bedriuwen kinne net útwreidzje op It Hearrenfean

De problemen reitsje net allinnich de stêd Ljouwert, mar spylje troch de hiele provinsje. As in nij suvelbedriuw him dit jier fêstigje wol op It Hearrenfean dan sil dêr net genôch kapasiteit foar wêze op it net. "Die bedrijven moeten wachten tot er weer capaciteit is. Wij proberen daar oplossingen voor te zoeken, maar dat kan ook zo enkele jaren duren," seit wurdfierder Peter Hofland.

Elektriciteit is niet meer zo vanzelfsprekend als het was.

Peter Hofland fan Liander

File op it wegenet

Liander makket de ferliking tusken it elektrisiteitsnet en it wegenet. Sa seit Peter Hofland: "Je hebt snelwegen, provinciale wegen en lokale wegen. Je ziet nu dat er knelpunten ontstaan op het elektriciteitsnet door enerzijds de enorme hoeveelheid groene energie vanuit windmolens en zonneweiden en anderzijds de enorme grote vraag van bedrijven naar elektriciteit. Het net bestaat uit dunne kabeltjes, de lokale wegen."

Om't dêr safolle stroom troch moat, ûntstiet der in soarte file. "We zijn op veel plekken aan het uitbreiden, maar het kan zijn dat mensen langer moeten wachten voordat hun zonnepanelen terug kunnen leveren aan het net, voordat een laadpaal op het net is aangesloten en voordat het extra vermogen voor een warmtepomp beschikbaar is. Elektriciteit is niet meer zo vanzelfsprekend als het was. Vraag het tijdig aan en houd er rekening mee dat het langer duurt dan dat je verwacht."

Peter Hofland

Oeds Kuipers follet oan: "It giet om grutte hoemannichten stroom. En dy stroomplannen wurde gauwer realisearre as ús projekten. Dat makket it knyppunt. Wy kinne no al net leverje. Mar as netbehearder sitte wy ek oan regels fêst, dus wy kinne ek net folle mear as it swierder meitsjen fan de netten."

Oeds Kuipers fan Liander

(Advertinsje)
(Advertinsje)