LIET 2020+1: sjoch de finale live by Omrop Fryslân

03 apr 2021 - 14:13

De útstelde finale fan it Frysktalige sjongfestival wurdt no sneon 3 april hâlden. De 29ste edysje soe earst yn novimber 2020 wêze, mar fanwege de corona-lockdown koe dat net. Derom dit jier de namme LIET 2020+1. Omrop Fryslân stjoert LIET 2020+1 fan 19.30 oere ôf live út op telefyzje en online.

Foto: Liet

It wurdt in bysûndere edysje yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, want foar it earst is der gjin publyk by. It sjongfestival hat in ôfwikseljend programma. Sa stride de acht finalisten, dy't harren ferline jier al pleatsten om de tekstpriis en de sjuerypriis.

De acht finalisten binne: Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, Mosken, Bokke en de Heidehippers, Bant, Volk!! en Sample Text.

Dêrnjonken set Liet it suksesfolle crossover-programma ek troch, wêrby't bekende artysten yn duo's selsskreaune nagelnije Frysktalige komposysjes foar it earst útfiere. De duo's dy't optrede sille yn de finale, binne Iris Kroes & Wander Kars, Zea & Dina en Huub Prins & Bobby Choco.

Earder spruts Harm Weistra mei Gerard van der Veer oer it Frysk sjongfestival

LIET 2020+1 is sneon 3 april fan 19.30 oant 21.45 te sjen op telefyzje en online.

(Advertinsje)
(Advertinsje)