Man fan Easterwâlde krijt wurkstraf foar betaasten jonge fan alve

01 apr 2021 - 16:12

In man fan 73 út Easterwâlde hat in wurkstraf fan 90 oeren krigen, omdat er yn 2019 oan in jonge fan alve sitten hat. De rjochtbank fûn dat de man in slimme ynbrek makke hat op de persoanlike yntegriteit fan it slachtoffer. De man hie him dêrfan bewust wêze moatten dat dit net kin.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Njonken de wurkstraf krijt de man ek in proeftiid fan trije jier. It gie neffens de rjochter net om fiergeande seksuele hannelingen en it hat lang duorre foar't de sitting folge, fanwege dy beide dingen is de straf net heger útfallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)