Rige stellerijen op it Amelân

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket stellerij op in tal lokaasjes op It Amelân yn de nacht fan woansdei op tongersdei. Ut in amusemintshal oan it Verdekspad yn Nes waard in klûs meinaam, by it fleanfjild waard jild út in kassalaad stellen.
Datselde waard dien by in paviljoen oan de Strandweg yn Ballum. By dat paviljoen waard ek de friezer iepen set, sadat in partij iis ferlern gong. In kamping yn Nes mist sûnt fannacht tsien flaggen. Alle beneidielden hawwe yntusken oanjefte dien.