Frysk Bestjoersakkoart wol net dat Fryslân ferstiennet

01 apr 2021 - 15:57

De provinsje Fryslân, de gemeenten, Wetterskip Fryslân en wetterbedriuw Vitens wolle Friezen helpe om de provinsje yn de takomst leefber te hâlden. Sy dogge dat mei it each op de feroaringen yn it klimaat. Under de paraplu fan it Fries Bestuursakkoord Water en Klimaat (FBWK) wolle de partijen it 'ferstienjen' fa de provinsje tsjingean en boargers ynformearje en ynspirearje om mear tegels te ferfangen foar grien.

Hylpen - Foto: Fries Bestuursakkoord Water en Klimaat

Klimaatferoaring soarget hieltyd faker foar ekstreem waar, lykas grutte drûchte of stevige buien. Troch saken oan te passen op it hiem, yn de tún of op bedriuweterreinen, kin wetter opfongen of besparre wurde.

De provinsje en de oare partijen wolle minsken dêr mear bewust fan meitsje. Dat wolle se dwaan troch de gearwurking te sykjen mei bygelyks túnsintra en wenningkorporaasjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)