500 kilometer op 'e fyts foar autisme: fan Burgum nei Valkenburg

01 apr 2021 - 15:40

In fytstocht fan hûnderten kilometers om omtinken te freegjen foar autisme: it is de útdaging dy't 65 minsken tongersdeitemoarn oangien binne. Sy wolle mei de tocht ek jild ophelje foar it autismefûns: fan Burgum nei Valkenburg.

500 kilometer op 'e fyts foar autisme

De ien docht mei foar in freon of bekende dy't op it autistysk-spektrum sit, de oar hat sels de diagnoaze autisme krigen. Wat se allegearre mei-inoar oerien komme, is dat se wolle dat der mear omtinken komt foar minsken mei autisme.

Benammen froulju krije gauris pas op lette leeftiid de diagnoaze. As dit earder komt, kin der better op ynspile wurde. Sa sjocht ek Karol Henke, direkteur fan de Nederlandse Vereniging voor Autisme. Hy is ien fan de 65 dielnimmers oan de meunstertocht fan Burgum nei Valkenburg.

Bûten yn beweging

Der is foar de foarm fan in fytstocht keazen, om de klam te lizzen op beweging en bûten wêze. In soad minsken mei autisme hawwe it dreech mei de coronamaatregels, benammen om't in part fan harren de regels fan de oerheid hiel strikt opfolget.

Dus as demisjonêr premier Mark Rutte seit dat minsken binnen bliuwe moatte, dan dogge se dat, fertelt Henke. Mar bûten wêze en yn beweging wêze is krekt hiel goed foar minsken op it autistysk spektrum, it kin helpe om depressje tsjin te gean.

De tocht fan dizze wike moat op in oanpaste wize. En dus is der tongersdeitemoarn ek gjin grut barren by it startskot. Yn groepkes fan twa of trije fytse de dielnimmers fuort. Sa bliuwt alles coronaproof. Op de fraach wêr't de dielnimmers it measte nei út sjogge, is it antwurd likegoed de goeie petearen oer autisme, as it waarme bad oan de ein fan de etappe, yn in hotel yn Epe.

Foto: Shutterstock.com (SasinTipchai)
(Advertinsje)
(Advertinsje)