1 april yn Fryslân: Brânwacht wol fleane, ek handich foar kat yn 'e beam

Bist do al te fiter naam? Yn Ruslân neame se 1 april 'de dei fan de oksebollen' en yn Ingelân 'de dei fan de healwizen'. Wat soe in moaie Fryske namme wêze: Tefiterdei? Foar al dy fiters dy't los wêze soene. In oersjoch fan de bêste Fryske 1 april-grappen.
(As der oanlieding foar is, wurdt dit oersjoch yn de rin fan de dei oanfolle.)

Brânwacht wol fleane

De Fryske brânwacht soe fjoer yn boaten of op dreech berikbere plakken bestride mei in flyboard. Ek hiel handich om katten út in beam te heljen dy't oerhinget oer in feart. Op in filmke is te sjen dat in 'brânwachtman' op in fleanboerd mei in striel wetter de loft yn giet. Foar mear ynformaasje trochklikke nei de site fan de brânwacht. Ja ja......

Plysje-Tesla

© Noordernieuws/De Vries Media
Duorsum is it tsjoenwurd dêr't in soad minsken op oanslagge. Dat moat de plysje Burgum tocht hawwe doe't se wat sochten foar 1 april. Dus plysje Burgum wol elektrysk ride. Tongersdeitemoarn soe der in testrit wêze mei in Tesla. Allegearre delkomme om te sjen tusken Sumar en Burgum. De auto is yn in sucht fan Sumar nei Burgum riden, want hy kin wol 250 kilometer yn de oere. Wol goed sjen, want hy is foarby foar't jo der erch yn hawwe...

Willem-Alexander mei burd

De gemeente Hearrenfean hie oankundige dat se it skilderij fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima ferfange woene troch in resinteren-ien. De kening hat nammentlik sûnt in skoft in burd en hy liket net mear op ôfbylding op it skilderij yn de riedseal. Boargemaster Van der Zwan twittere op 1 april dat se in soad kommentaar krigen hiene op de skilderijwiksel en dat se dochs mar besletten hawwe it skilderij hingje te litten. "Had je natuurlijk ook met een paar merkstiften kunnen oplossen" wie ien fan de reaksjes.

Feintsjes 'privee te boeken'

De Feintsjes witte der altyd in feest fan te meitsjen © De Feintsjes
Dweilorkest De Feintsjes yn Ljouwert wolle harren ynstruminten wolris wer foar it ljocht helje, sa skriuwe se op de eigen site. Oars hiene se wol 38 optredens yn it jier, mar fanwege corona stean se al in hiel skoft drûch. Se misse it publyk en dêrom binne se te boeken op Only Feintsjes.... Only Feintsjes ? Dream on.

De Wite Keniaan kriget útnûging foar Keniaansk nasjonaal alvetal

Lucas Woudenberg: De Wite Keniaan © Orange pictures
It nasjonale alvetal fan Kenia hat belangstelling foar de Hearrenfeanspiler Lucas Woudenberg. Hy hat in útnûging krige om him te melden, skriuwt de website FeanOnline. Woudenberg syn bynamme De Witte Keniaan sette de Kenianen op it spoar fan Woudenberg doe't se him googelen. Woudenberg is noch nea foar it folwoeksen Oranje útkaam en dêrom soe er noch fan fuotbalpaspoart feroarje kinne. De FIFA betwivelet oft Woudenberg oer Keniaansk bloed beskikt....

Kursus Frysk by Nederlands Talen Instituut

In 1 aprilgrap fan it tale-ynstitút NTI krijt in serieus ferfolch. It NTI melde by wize fan grap datst fan hjoed ôf in kursus Frysk folgje kinst by de organisaasje. Mar ek in kursus Limboarchsk of Twentsk. It NTI meldt tongersdei dat de grap harren oan it tinken set hat. Se tinke der no oer nei oft der dochs net wat dien wurde moat mei it Frysk. Want it is wol de twadde rykstaal, neffens it ynstitút. De kommende moannen wol it NTI útsykje wat nedich is om in kursus Frysk te ûntwikkeljen.