260 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Der binne de ôfrûne 24 oeren 260 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 56 mear as woansdei. Doe giet it om 204 nije besmettingen. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen sa'n 235 nije besmettingen by kaam yn Fryslân.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (63), dêrnei folgje Ljouwert (41) en Waadhoeke (25).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije minsken ferstoarn as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Achtkarspelen, Weststellingwerf en Tytsjerksteradiel.
Der wienen trije nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan Weststellingwerf, Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 7.882 nije coronabesmettingen registrearre. Yn trochsneed wiene dat der 7.438 op in dei oer de ôfrûne wike.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.