SC Cambuur mei trije oare basisspilers tsjin FC Volendam

SC Cambuur spilet freed mei trije oare basisspilers tsjin FC Volendam. Trainer Henk de Jong jout Jarchinio Antonia, Issa Kallon en Michael Breij in basisplak. Dat kostet Giovanni Korte, Nick Doodeman en Jasper ter Heide harren plak. Dat trijetal stie ferline wike noch yn de basis yn de wedstriid tsjin Roda JC, dy't mei 3-1 ferlern gie.
Trainer Henk de Jong foar duel mei FC Volendam
Antonia komt werom fan twa ynterlâns mei Curaçao, wylst Kallon wer fit genoch is om yn de basis te starten nei in blessuere. Logyske redenen om syn opstelling te feroarjen, neffens Henk de Jong. "Dy jonges binne der wer. Dat is in wapen en dêr moatte je gebrûk fan meitsje. Nick Doodeman moat noch efkes bylûke, dy hat in blessuere hân, mar dat komt wol. Giovanni Korte is al in tydsje wat út foarm. Hy bringt wol in hiele protte enerzjy yn de ploech. Dy moat wer efkes in stapke tebek dwaan en dan giet er wer foarút", fertelt de coach, dy't Breij in basisplak jout om't er wer topfit is.
Twa spilers dy't der noch altyd net by binne tsjin FC Volendam, binne Jamie Jacobs en Mitchel Paulissen. Beide manlju traine al in skoft apart fan de groep, mar heakje noch net oan. "Dy hawwe mear tiid nedich. Mei Robin Maulun giet de goeie kant wer út, ik hoopje dat dy kommend wykein wer wat op it fjild dwaan kin."
Neffens De Jong wie it, nettsjinsteande al it kontraktnijs en de nederlaach tsjin Roda JC, in 'geweldige wike': "En dat moatte we freed sjen litte."
Oanfierder Erik Schouten
Ien fan de spilers dêr't noch gjin dúdlikheid oer is wat it kontrakt oanbelanget is oanfierder Erik Schouten. Hy hat in ôfrinnend kontrakt, mar neffens Cambuur wol de klup noch mei him yn petear. Hoe sit dat? Schouten: "Mijn zaakwaarnemer is in gesprek met de club. Ik heb het super naar mijn zin hier en ik wil graag blijven. Uiteindelijk moeten zij dat regelen en moet ik alleen mijn handtekening zetten."
De wedstriid tsjin FC Volendam is foar Schouten in wedstriid tsjin syn âlde klup. Tagelyk is it ek in wedstriid tsjin de klup dêr't Cambuur it faak dreech mei hat. Sawol dit seizoen as foarich jier ferlearen de Ljouwerters thús fan de Volendammers. "Dit seizoen verlies je met 1-0 en had je het duel gewoon kunnen winnen. En vorig jaar verloren we met 2-1 en hadden we ook genoeg kansen. Uit hebben we vorig seizoen daar met 4-0 gewonnen. Dus ik zie dat wat anders."
Jarchinio Antonia (links) en Issa Kallon (rjochts) earder dit seizoen © Orange Pictures
De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Volendam begjint freedtejûn om 20.00 oere. It duel yn it Kras Stadion is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar nút Volendam wei. In dei letter, op sneon, is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidich ferslach fan dat duel te sjen.