VC Snits jout bekerstriid op nei coronabesmettingen by earste frouljusteam

De follyballers fan VC Snits lûke har werom út it bekertoernoai, yn ferbân mei meardere coronabesmettingen yn en om it earste frouljusteam. Dat meldt de klup.
© Orange Pictures
Erik Drenth (VC Snits)
It bestjoer fan de klup seit dat it net ferantwurde is om freed in wedstriid te spyljen, mei it each op de sûnens fan de spylsters, stêf, famyljeleden en wurkjouwers. Fan fjouwer minsken by VC Snits is bekend dat se besmet binne mei it coronafirus.
Neffens VC Snits binne boppedat net alle spylsters en stêfleden dy't earder posityf testen genôch útrêst om de wedstriid te spyljen.
It bestjoer seit dat it in lestich beslút wie, benammen fanút sportyf eachpunt, mar dat de sûnens fan de belutsenen altyd foarop stiet.