Befrijingsfestival te folgjen op telefyzje en livestream, âlderein krijt sop

It Befrijingsfestival kin dit jier wer net trochgean mei publyk fanwege corona. Dêrom hat de organisaasje wat oars betocht. De artysten en sprekkers binne de hiele dei digitaal te folgjen, ûnder oare by Omrop Fryslân. Fierders wurdt by 10.000 âlderen yn de provinsje sop delbrocht troch legerweinen.
Yvette van Boven hat it resept foar Befrijingsdeisop makke © Befrijingsfestival Fryslân
Ferline jier kaam 75 jier ferlyn foar Nederlân in ein oan de Twadde Wrâldoarloch mei de befrijing troch de alliearde striidkrêften. De grutte fiering koe net trochgean fanwege corona. De festiviteiten soene nei dit jier ferskood wurde. De fiering '75plus1' soe grut fan opset wurde moatte, mar dat slagget wer net fanwege corona, alteast net mei in soad publyk derby. Dêrfoar yn it plak is der no in 'Befrijingsdei coronaproof' en dy moat sjoen wurde as in ôftraap foar mear aktiviteiten dy't letter dit jier plakfine sille, seit Marre Sloots fan it Befrijingsfestival Fryslân.

Livestream, radio en telefyzje

It Befrijingsfestival is dit jier foaral digitaal en op radio en telefyzje te folgjen. De artysten en sprekkers sille ûnder oare op Omrop Fryslân te sjen wêze. Op Omrop Fryslân is in liveshow te sjen mei sprekkers en artysten. Dêrneist binne op de websiden fan Bevrijdingsfestival Fryslân en Neushoorn livestreams te sjen mei allinnich muzyk.

Sop foar 10.000 âlderen

Net digitaal mar wol coronaproof is dat op de dei sels 10.000 âldere minsken yn de provinsje mielsop krije. Telefyzjekok Yvette van Boven hat it resept makke. De blikken wurde útsutele troch âlde en moderne legerweinen dy't twa oan twa de provinsje yn gean. De rûte wurdt fanwege corona net bekend makke. De tochten binne te folgjen op Omrop Fryslân livestream, radio en telefyzje.

Yn plak fan moarnsbrochje

De âlderein dy't sop kriget, wennet yn fersoargingshuzen, mar it binne ek selsstannich wenjende âlderen by dy't harren opjûn hawwe by it Senioarebûn. Sloots: "Normaal nûgje we âlderein moarns út op it festivalterrein (foar in moarnsbrochje (red.)), sadat sy der ek by belutsen binne. Dat is der dit jier fansels net, mar we woene wol wat moais foar harren dwaan."
Foardiel fan de fiering op radio, telefyzje en ynternet is datst sa mear minsken berikke kinst, neffens Sloots. "It moaie dit jier is dat we safolle minsken berikke kinne. Minsken dy't normaal net nei Ljouwert komme soene, kinne it no wol op ynternet sjen. We binne dus minder oriïntearre op allinnich de haadstêd."
Marre Sloots
It Befrijingsfestival is op 5 maaie fan 17.15 ôf by Omrop Fryslân te folgjen op telefyzje. Op de radio besteegje we der de hiele dei oandacht oan. Wat der allegearre te belibjen is, is te sjen op de site fan it Befrijingsfestival Fryslân.