Corona-testbewizen test by evenemint mei hûndert sporters op It Hearrenfean

Foar in proef mei corona-testbewizen wurdt der op It Hearrenfean in evenemint organisearre foar hast hûndert jonge inline-skaters. Dat meldt it reedrydbûn KNSB. It evenemint makket diel út fan de lanlike eksperiminten ûnder de namme FieldLabs.
© ANP
Marcel Scheperkamp (KNSB)
It ministearje fan VWS hat tastimming jûn foar it evenemint. It wurdt organisearre troch sportkoepel NOC*NSF en reedrydbûn KNSB, op sneon 17 april, yn it oerdekte inlineskate-sintrum fan It Hearrenfean. Der dogge yn totaal 96 jongelju oan mei. Publyk is der net.
It is de bedoeling om corona-testbewizen te testen. Dielnimmers moatte fantefoaren in saneamde PCR-test dwaan litte. De útslach krije se op de mail, en dêrnei kinne se in testbewiis oanfreegje. Allinne as se dat by de yngong scanne litte, kinne se tagong krije ta it evenemint. De ûndersikers wolle útfine oft alles goed wurket.