Aris skrikt fan berjochten oer matchfixing, klup wurket mei oan ûndersyk

01 apr 2021 - 12:28

De Ljouwerter basketbalklup Aris is bot skrokken fan de berjochtjouwing oer matchfixing. Dat seit algemien manager Sierd Dijkman. "Dit is in klap yn it gesicht fan de spilers, de technyske stêf, de organisaasje, de fans en de sponsoaren."

Foto: Orange Pictures

De NOS meldt dat meardere âld-spilers fan Aris Ljouwert fertocht wurde fan matchfixing. Se soene fjouwer wedstriden mei opset ferlern ha, sadat Súd-Koreaanske gokkers tsientûzenen euro's fertsjinje koene.

Neffens de NOS leit in ûndersyk nei de matchfixing no stil. It waard dien troch it Instituut Sportrechtspraak, en dat kin oaren net twinge om mei te wurkjen.

Dijkman seit dat der gau dúdlikheid komme moat. "It is fan grut belang, foar de sport en de klup, dat der gau dúdlikheid komt oer it ûndersyk. Wy ha fansels oant no ta folslein meiwurke oan it ûndersyk, en dat bliuwt ek sa."

'Oplieding moat better'

De Nederlandse Basketball Bond nimt de saak serieus, seit algemien direkteur Simone Volmer-van den Biggelaar. "Basketball is een sport die gevoelig is voor matchfixing, omdat je online overal in de wereld naar onze wedstrijden kunt kijken."

De oplieding fan jonge basketballers moat oanpast wurde, seit se. "Voor onze jonge talenten van de Orange Lions Academy bijvoorbeeld moet voorlichting over onderwerpen als matchfixing standaard deel uit maken van hun opleiding." Sportkoepel NOC*NSF hat al besletten dat dêr ekstra jild foar frijmakke wurdt.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de sitewaasje by Aris

Trefwurden: 
matchfixing Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)