Problemen op elektrisiteitsnet: Gjin stroom foar nije skoallen yn Ljouwert

01 apr 2021 - 12:05

De gemeente Ljouwert ropt elektrisiteitsbedriuwen op it stroomnet gau te ferbetterjen. Dat kin no de fraach nei stroom net oan, en de problemen wurde hieltyd grutter. De urginsje is heech, seit it gemeentebestjoer.

Foto: ANP

Wethalder Bert Wassink fan Ljouwert

De ûntwikkeling fan ûnder oare sinnestroomprojekten, nije wenningen, kantoaren, bedriuweterreinen en skoalgebouwen wurdt rekke troch problemen mei it transport fan stroom, meldt de gemeente.

Yn de nijbouwiken Middelsee en De Werp kinne huzen wol oansletten wurde op it stroomnet, mar netbehearder Liander kin net garandearje dat de stroom aanst echt beskikber is. Foar grutferbrûkers, lykas in bernesintrum (Integraal Kindcentrum), in soarchynstelling en hoareka is neffens de gemeente gjin kapasiteit.

Fan twa skoalgebouwen is bekend dat de stroom dy't sy freegje op dit stuit net levere wurde kin. By ien skoalle giet it om nijbou, en by de oare om werbou.

De gemeente meldt dat der sân bedriuwen bekend binne dy't leveringspoblemen hawwe. Trije bedriuwen jouwe oan dat se de sinnestroom dy't se opwekke, net weromleverje kinne.

De problemen mei it elektrisiteitsnet wurde hieltyd grutter. Dat komt benammen troch it tanimmen fan it oantal sinnepanielen, dêr't de elektrisiteit fan weromlevere wurdt oan it strromnet, en trochdat der hieltyd mear wenningen en bedriuwen fan it gas ôf gean. Dêrtroch wurdt de fraach nei elektrisiteit grutter. Trochdat ek it oantal waarmtepompen en elektryske auto's tanimt, ferwachtsje de gemeente Ljouwert dat it de kommende tiid op mear punten knipe sil.

Om de problemen yn Ljouwert op te lossen, begjinne stroombedriuwen al mei it oanlizzen fan nije kabels, ûnder oare op de bedriuweterrein De Zwette en De Hemrik. Dy soene der tusken 2022 en 2024 lizze kinne. Der soe ek fermogen út Ljouwert wei oerset wurde kinne nei Dokkum.

Stroombedriuwen ûndersykje ek oft it mooglik is om in nij ferbiningsstasjon oan te lizzen tusken ferskillende haachspanningsnetten. It soe yn alle gefallen noch fiif jier duorje foardat dy ferbining der wêze kin.

Enerzjybedriuw Liander meldt yn in reaksje dat de problemen noch folle grutter binne as it kolleezje fan Ljouwert sketst hat. As der net gau wat feroaret, dan krijt de helte fan de nije wenten yn de wyk Middelsee gjin stroom. Op It Hearrenfean spylje deselde problemen. De ûndernimmersferiening is bang dat bedriuwen aanst net mear komme wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)