Nij earmoedebelied Ljouwert moat 'earliker en makliker'

De gemeente Ljouwert wol ta nei in nij earmoedebelied. De fokus fan dat nije belied sil lizze op berne-earmoed, om te besykjen de saneamde regeneraasje fan earmoede op dy wize foar te kommen. Om de gemeente in hânfet te jaan by it meitsjen fan it nije belied hat de Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân de ôfrûne tiid dwaande west mei it rapport Bouwstenen voor een nieuw armoedebeleid in Leeuwarden.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Douwe Beimin
"It is spitigernôch nedich om ris op in rychje te setten hoe grut it earmoedefraachstik eins is. Hoe djip it yngrypt yn de libbens fan minsken en hoefolle persoanlik leed dat opsmyt." Oan it wurd is Douwe Beimin. Yn syn wenkeamer, mei oeral grouwe boeken en ferskate paperassen, leit it rapport dêr't hy oan meiskreaun hat. "De gemeente wol dwaande mei nije earmoedebelied, dus doe wy ha sein, litte wy de gemeente dan foarsjen fan ynformaasje."
Foar it rapport is in soad praat mei minsken dy't sels deistich te krijen ha mei earmoede. "Je kinne, krekt as in soad ynstânsjes wol dogge, achter in buro wei oer minsken prate. Mar wy binne fan miening dat wy it bêste mei dy minsken sels prate kinne. Sy witte it bêste wêr't se tsjin oanrinne, en sy ha echt wol in idee hoe't je dat oplosse kinne."
Ien fan de problemen dêr't minsken yn earmoede neffens Beimin tsjinoan rinne, is dat der faak wol regelingen, ynstânsjes of potsjes binne dêr't minsken in berop op dwaan kinne, mar dat dy net fûn wurde. It systeem soe te yngewikkeld wêze. "Wy hiene earst yn it rapport stean dat sels de opstellers verdwaalden in het oerwoud van regelingen. By wa moatte je wêze, wa helpt je echt? Dan wurdt der sein, sjoch mar even op de webside. Dêr stiet it wol. Mar fyn dat allegearre mar ris út."
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Wethâlder Kuiken: "Ik zie ruimte voor verbetering"

It rapport is yntusken oanbean oan wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert. Yn de gemeenteried is it ek koart bepraat, doe't it earmoedebeleid fan de gemeente op de aginda stie.
Kuiken is bliid mei it rapport. De problemen troch earmoede yn Ljouwert binne 'hardnekkig en stevig' , seit er. Ien op de tsien húshâldens yn Ljouwert libbet op it besteansminimum. "Dat zorgt voor veel ellende", seit Kuiken. "De gemeente moet het maximale doen om dit leed te beperken."
It belied is noch net goed genôch, seit Kuiken. "Ik zie ruimte voor verbetering. Het is niet zo dat we nu niets doen, we hebben het bereik van de regeling al vergroot, maar dat moet nog verder. En in de schuldhulpverlening zie ik ook ruimte om meer te doen."
Hein Kuiken
Earliker en makliker. Dat moat neffens Douwe Beimin yn elts gefal de kearn fan it nije earmoedebeleid wêze. "Mar dat snapt Kuiken sels ek wol, want by it oerlangjen fan it rapport sei hy dat Ljouwert nei in hiel nij earmoedebeleid moat. Alteast, hy sei it yn it Nederlânsk," laket Beimin "want dy Harnzers prate net safolle Frysk."