'Spilers Aris fertocht fan matchfixing: mei opset ferlieze foar gokkers'

Meardere âld-spilers fan Aris Ljouwert wurde fertocht fan it mei opset ferliezen fan fjouwer wedstriden. Se soene gearwurke ha mei Súd-Koreaanske gokkers. Dat meldt de NOS. De gokkers soene tsientûzenen euro's ynset ha op de basketbalwedstriden.
Spilers Aris fertocht fan matchfixing
Twa jier lyn spile Aris ûnderoan yn de earedifyzje. De klup hie in min seizoen, mar helle de play-offs. Yn de lêste wedstriden stie der net mear in protte op it spul. Oan de ein fan it seizoen wiene der meardere opfallende útkomsten: Aris wûn fan Grins, in nasjonale topklup, mar ferlear ek meardere kearen mei grutte sifers, wylst de Friezen fantefoaren favoryt wiene. Trainer Tony van den Bosch stapte sels op. Hy hie it gefoel dat er gjin fet mear p de spilers hie.

Ynsette op ferlies

De NOS hat de sitewaasje foarlein oan ynternasjonale spesjalisten dy't neat oars dogge as de hiele dei gokpatroanen bestudearje, om te sjen oft der fertochte saken binne. Se binne dúdlik: by meardere werdstriden wurdt der 'onverklaarbaar veel' ynset op ferlies fan Aris, wylst it team fantefoaren as favoryt sjoen wurdt.
Ut in analyze fan de wedstriidstatistiken blykt dat trije spilers fan Aris 'buitengewoon slecht' prestearren. Neffens de NOS giet it om bûtenlânske spilers, dy't mar ien of twa jier by Aris spilen. Twa binne hielendal opholden. De NOS hat mei de spilers praat. Se ûntkenne dat se belutsen binne, en ha ferklearringen foar de minne statistiken.

Undersyk

Twa jier lyn is der al in ûndersyk ynsteld nei de fertochte gokpatroanen. Dêr is neat útkaam. It Nederlânsk basketbalbûn, dat opdracht joech foar dat ûndersyk, is dêr net bliid mei. "Wij willen precies weten wat ze allemaal hebben kunnen vinden. Vervelend dat het nu onduidelijk is of de onderste steen bovenkomt", seit directeur Simone Volmer by de NOS. Trainer Van den Bosch is dat mei har iens. "Op deze manier geef je een vrijgeleide aan matchfixers. Ik hoop dat politieonderzoekers dit nu oppakken en het alsnog uitzoeken."
© Orange Pictures

Jildkwestje

Basketbalsjoernalist Leon Kersten wie belutsen by it ûndersyk. Hy tinkt wol te witten wêrom't matchfixing foarkomt yn syn sport. "Basketballers verdienen echt geen drol. Je moet het niet vergelijken met voetbal. En als er iemand uit Zuid-Korea komt die aanbiedt om een paar duizend euro extra te verdienen, dan kom je snel in de verleiding. En het valt niet op. De sport is zo klein dat je er gewoon mee weg kunt komen."
Dat makket it ek dreech om alles oant yn de details te bewizen. "Waarschijnlijk ligt het harde bewijs in Zuid-Korea, waar de gokbedrijven meer weten. Maar het kan iedereen overkomen."
It Instituut Sportrechtspraak (ISR) die ûndersyk nei de saak, mar dat is stillein om't de ynstânsje net it foech en it jild hat. "Daarom volgen er eerst ook geen sancties. Het weer opstarten van zo'n onderzoek kan, maar dat is ook een geldkwestie en een prioriteitenkwestie. Ik denk dat het qua straffen met een sisser afloopt."
Basketbalsjoernalist Leon Kersten