Toeristen Ljouwert tenei sûnder VVV: gemeente keapet tiid mei corona

Toeristen yn Ljouwert stean fan tongersdei ôf foar in tichte doar by it VVV-kantoar. En in alternatyf ynformaasjepunt is der noch net. De gemeente hopet noch dizze wike mei in nije lokaasje te kommen foar in toeristysk ynformaasjepunt, mar dan duorret noch wiken foardat dat ek echt iepen kin. "Voorlopig zitten we toch nog volop in de coronatijd, dus veel toeristen komen er nog niet. Die tijd kunnen we gebruiken", sa seit wethâlder Bert Wassink.
Toeristen Ljouwert tenei sûnder VVV
Op woansdei kamen de meiwurkers fan de VVV foar de alderlêste kear byinoar ûnder yn de Achmeatoer. Dêr siet de ôfrûne jierren it VVV-kantoar fan Ljouwert, mar no stiet it leech. Dat der in ein komt oan it VVV-kantoar docht sear, sa seit foarsitter Klaas Arie Beks. "Wy hiene graach troch wollen, mar it wie gewoan net mear te dwaan. We mochten bygelyks gjin webside mear hawwe, want dat lei by de gemeente en ek de stedskuiers wiene we kwytrekke. Dus der bleau úteinlik net safolle mear oer."

Gjin 125 jier

Ljouwert wie ien fan de earste plakken yn Nederlân dêr't in VVV kantoar kaam. 124 jier lyn waard it earste kantoar yn Ljouwert iepene. Twa jier neidat de organisaasje lanlik los gie. "En we hiene fansels graach de 125 jier folmakke." De frijwilligers kinne net oer nei in mooglik nije organisaasje om't dy folslein yn hannen komt fan de gemeente. En dus waard op de lêste offisjele dei fan it kantoar ôfskie fan harren naam mei in bosk blommen en in kadootsje. "Echt hiel spitich," sa seit Beks.
It VVV kantoar siet yn de Achmeatoer © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Wat der foar it VVV yn it plak komt, is noch net folslein dúdlik. Dat der in fysike lokaasje bliuwe moat, is wol dúdlik. "We willen de toeristen wel een plek blijven aanbieden waar ze ook echt naartoe kunnen met hun vragen, maar ook om bijvoorbeeld kaartjes te kopen", seit Wassink.
Wêr't dat plak komme moat is noch net wis. "De onderhandelingen zitten in de laatste fase, maar we zijn er nog niet helemaal over uit. Daarom kunnen we ook nog niets zeggen over een mogelijke locatie."

Digitaal en fysyk

Troch it coronafirus komme der op it stuit net in hiel soad toeristen nei de stêd. It is neffens Wassink dan ek net hiel slim dat it fysike ynformaasjepunt der noch net is. "De belangrijkste bron voor de meeste mensen die op reis gaan, is tegenwoordig toch het internet. En die digitale informatievoorziening gaat nu ook volop door, maar we proberen daarna zo snel mogelijk met een fysiek punt te komen."
De frijwilligers fan de VVV komme foar de lêste kear byinoar © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga