Ellie en Martha trouden as earste yn Ljouwert: "We voelden ons zo trots"

It is tongersdei 20 jier lyn dat it homohoulik wetlik erkend wurdt. Fan 1 april 2001 ôf kinne misken fan itselde geslacht mei-inoar trouwe. Op 3 maaie is it earste homohoulik yn Ljouwert sletten tusken Martha Jorna en Ellie Volp. De froulju wiene de earsten yn de haadstêd dy't gebrûk makken fan de wet en sy waarden troud troch amtner fan boargerlike stân yn Ljouwert Henny Ekas.
Ellie en Martha trouwe as earste yn Ljouwert
"Ze waren heel gelukkig", fertelt Hennie Ekas. Sy wie yn 2001 amtner fan boargerlike saken by de gemeente Ljouwert. Sy troude it earste homostel yn de gemeente. "Toen ik ze binnen zag komen straalden ze helemaal, dat vond ik heel fijn om te zien".
Tweintich jier lyn joegen Martha Jorna en Ellie Volp inoar it ja-wurd yn it stedskantoar fan Ljouwert. "We waren het eerste stel dat trouwde", fertelt Ellie Volp. "Toen ik hoorde dat je voor de wet mocht trouwen, dacht ik dat het een 1-april-grap was."

Partners

It stel hie al in partnerskipsregistraasje, dat mooglik waard yn 1998. "Daarna kwam het échte homohuwelijk erdoor", leit Volp út. Se hie net fuortendaalks it ferlet om te trouwen, mar har frou Martha hie der altyd foar striden. "Dan moet je daar toch gebruik van maken. Martha heeft er voor gevochten en de nodige eieren en tomaten naar haar toe geslingerd gekregen. Toen ben ik wel op mijn knieën gegaan."
© Omrop Fryslân
Ellie Volp en Hennie Ekas oer it earste houlik yn gemeente Ljouwert
Foar Ekas wie it in bysûnder momint om it earste homohoulik te sluten. "Vooral om de mensen zo gelukkig te zien die zo lang hebben gevochten voor de mogelijkheid om hun liefde te bezegelen", fertelt sy. "Dat vond ik wel heel bijzonder."
"We waren de eersten in de wereld en waren trots. We hadden een trots gevoel omdat je bijdraagt aan iets. Het is toch een unicum", seit Volp.
No, 20 jier letter is it net perfoarst makliker wurden om as stel fan itselde geslacht te trouwen. De ûntwikkelingen oangeande homostellen is noch altyd ûnderwerp fan petear. Dochs soe Volp sa wer yn it houliksboatsje stappe. "Jazeker! Alhoewel, ik vond het twintig jaar terug wel makkelijker denk ik. Toen werd het wat meer getolereerd allemaal. Het was wat gemoedelijker. Dat is nu wat minder. Als ik de kranten lees of televisie kijk. Hoeveel homo's er in elkaar geslagen worden, dat vind ik heel erg. Dat raakt je", fertelt Volp.
Ek Hennie Ekas tinkt dat de tiden oars wurden binne. "De mensen van gelijk geslacht gaan een moeilijke weg", fynt Ekas. "Ik vind dat daar meer begrip voor moet zijn. Ze zijn niet anders dan anderen. Ik vind het belangrijk dat mensen dat begrijpen."

20 jier lyn: de saak tusken de gemeente Ljouwert en trou-amtner Eringa

2001
Yn Ljouwert ûnstie yn 2001 hiel wat opskuor doe't trou-amtner Nynke Eringa fanwege har oertsjûging fan it leauwen wegere in homostel te trouwen. Neffens de gemeenteried fan Ljouwert mocht in amtner net fan it belied ôfwike, om't der gjin romte wie foar persoanlike opfettingen oer it homohoulik. Eringa moast har skriftlik akkoart ferklearje mei in houlik tusken minsken fan deselde sekse, oars soe har kontrakt net ferlinge wurde. Dat barde net om't Eringa by har stânpunt bleau.
2002
Yn maart 2002 krige Eringa gelyk fan de 'Commissie Gelijke Behandeling'. In wike letter kaam de gemeentlike kommisje beswierskriften personielsaken ta deselde konklúzje: yn de wet moast romte wêze foar gewissebeswieren. It advys oan B&W wie om Eringa mei weromwurkjende krêft yn tsjinst te hâlden. Mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders gie oan beide advizen foarby: Eringa krige har baan net werom.
Yn septimber 2002 folge in rjochtsaak dy't útmeitsje moast hoe't gemeenten omgean moasten mei trou-amtners mei gewissebeswieren. Mar foardat dy prinsipekwestje útfochten wurde koe, moast der earst besjoen wurde op hokker grûnslach se yn tsjinst wie fan de gemeente. De rjochtsaak gie dêrom benammen oer rjochtsposysjoniele kwestjes.
2003
Pas yn maaie 2003 tsjinne der in ynhâldlike rjochtsaak, mar ek dizze saak kaam net ta in prinsipjele útspraak. Eringa wûn de saak om't der in proseduereflater yn har ûntslach siet. Fan 1 septimber 2003 ôf koe se wer houliken slute foar de gemeente Ljouwert.
2004
It belied foar trou-amtners waard yn 2004 oanpast. Nije amtners waarden net oannommen as se wegeren homostellen te trouwen. Mar foar amtners dy't al yn tsjinst wiene, jilde dy ferplichting net. De gemeenteried kaam noch wol yn aksje tsjin it oanbliuwen fan Eringa, mar B&W wegere har te ûntslaan om't fierder prosedearjen te dreech en kostber wie. Eringa mocht oant 2015 yn tsjinst bliuwe en hoegde gjin homohouliken te sluten.