Direkteur hopet tongersdei dan echt omfallen kraan Tersoal fuort te heljen

31 mrt 2021 - 22:48

It bergjen fan de teleskoopkraan dy't oer in feart ûnder Tersoal foel, is nettsjinsteande de ferwachtingen net slagge woansdei. Moandei dondere de kraan oer it wetter njonken de Grienedyk. Neffens direkteur Jan Spoelstra fan Kielstra Kraanverhuur is it probleem mei de ballêst no wol oplost. Hy ferwachtet no dat de kraan tongersdeitemoarn wer op syn eigen tsjillen set wurde kin.

Foto: CAMJO media

It giet om in kraan dy't efter in buorkerij dwaande wie mei wurksumheden doe't de stimpels ûnder de kraan yn de grûn weisakken. De earm fan de kraan bedarre folslein oer it wetter.

It kontragewicht moast fan de kraan om him wer oerein te heljen, want de kraan soe oars wer de grûn yn sakje. Spoelstra hat al fjouwer kranen ynset om de teleskoopkraan fan de feart wei te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)