Stimming yn Steaten oer referinda net trochset fanwege beëdiging Romke de Jong

31 mrt 2021 - 22:23

21 stimmen foar en 21 stimmen tsjin:. dat wie woansdeitejûn de útslach fan in stimming yn Provinsjale Steaten oer in amendemint fan de SP om it hâlden fan in referindum yn Fryslân makliker te meitsjen. It betsjutte wol dat de stimming net fierder trochset is. It hat alles te krijen mei it beëdigjen fan Romke de Jong as Twadde Keamerlid foar D66.

Kommissaris fan de Kening Brok en griffier Rosier dwaande mei de digitale stimming - Foto: Omrop Fryslân

It SP-amendemint wie in oanpassing op it Steatefoarstel fan Forum van Democratie om de drompels foar in provinsjaal referindum yn Fryslân te ferleegjen. De stimmen staakten, trochdat D66-Steatelid Romke de Jong fan De Gordyk yn Den Haag ynstallearre waard as Twadde Keamerlid en sadwaande net meistimme koe.

Omdat neffens kommissaris Brok in stimming oer it plan fan Forum net goed mooglik wie sûnder in útspraak oer it SP-amendemint is de hiele stimming no trochskood nei de gearkomste fan april.

"Dûbeltsje op syn kant"

Steatelid Albert van Dijk fan Forum wist yn 't foar al dat it spannend wurde soe mei de stimming. "It is in dûbeltsje op syn kant. Mar ek as it foarstel it net hellet komt der in ferfolch yn de foarm fan in ekspertmeeting. Sa giet it altyd yn 'e polityk: it is al gau langetermynwurk mei wurkgroepkes en sa."

Van Dijk is der fan oertsjûge dat je troch it organisearjen fan referinda boargers en polityk tichter byinoar bringe kinne. Fryslân hat al mear as tsien jier in referindum-feroardering, mar oant de dei fan hjoed is dêr noch nea gebrûk fan makke. Van Dijk hopet dat it ferleegjen fan drompels as it tal hantekens dat nedich is in earste Frysk referindum tichterby bringt.

Steatelid Albert van Dijk fan Forum voor Democratie

Referindum oer doarpsmûnen?

D66 is fanâlds foar referinda, mar fraksjefoarsitter Bea Bylsma wie woansdei kritysk oer it referindumplan fan Forum voor Democratie. Neffens Bylsma is it no ek al goed mooglik om yn Fryslân in referindum te organisearjen. "As je witte wolle wêrom't it net bart, dan moatte je dat earst ûndersykje."

Bylsma hat sels wol ideeën foar gaadlike ûnderwerpen. In referindum oer doarpsmûnen liket har wol wat. "Yn de Steaten is in mearderheid dêr op tsjin, mar ik tink dat dêr yn Fryslân wol draachflak foar is. In referindum is dan in moaie manier om dêr efter te kommen."

De Steaten sille no op april noch in kear stimme oer it foarstel fan Forum foar in nije referindum-oardering. Yn de Steaten wie woansdei wol wurdearring foar it inisjatyf fan Forum voor Democratie, mar de animo om dêr fuort oer te stimmen wie in stik lytser. Sijbe Knol fan de FNP stelde foar in earst in ekspertmeeting oer it ûnderwerp te organisearjen.

Oare partijen wiisden op de plannen foar bestjoerlike fernijing dêr't de provinsje oan wurket en wiene der net foar om foarútrinnend dêrop no al de referindum-spulregels oan te passen. Dizze partijen hawwe no har sin krigen, want de stimming is no net earder as 21 april.

D66-fraksjefoarsitter Bea Bylsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)