Psy-Fi festival yn Ljouwert giet dit jier wer net troch

It Psy-Fi festival dat oars alle jierren yn de Griene Stjer yn Ljouwert hâlden wurdt, giet dit jier net mear troch. Neffens de organisaasje meitsje de coronamaatregels en it perspektyf fan de oerheid it 'zeer riskant, zo niet onmogelijk' om it festival dit jier te hâlden.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De organisaasje skriuwt dat de fokus no folslein nei 2022 giet: "We vertrouwen erop dat tegen die tijd het leven weer normaal is en dat we in staat zijn om allemaal doen wat we zo graag doen."

Soad frege fan besikers

It festival hat al in soad frege fan de besikers dy't der oars komme soene. "Maar de realiteit is dat we dat opnieuw moeten doen. Alleen met jullie steun kunnen we onze wederzijdse dromen weer verwezenlijken." De minsken mei in voucher foar 2021 krije ynkoarten in e-mail mei de opsjes. Wa't al in werombetelling oanfrege hie, krijt yn septimber werombetelle.