Politike noed oer berikberens Fryslân nei corona

31 mrt 2021 - 21:09

De Steatefraksjes fan ChristenUnie, Partij van de Arbeid, CDA en FNP hawwe noed oer de berikberens fan Fryslân mei it iepenbier ferfier nei de coronatiid. Yn jannewaris hawwe Provinsjale Steaten besletten dat der net struktureel besunige wurde mei op it iepenbier ferfier. Mar hoe foarkomme je in kealslach, freget Edou Hamstra fan de PvdA har ôf.

Busstasjon op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fraksjes jouwe oan dat it oanpassen fan de tsjinstregeling needsaaklik is fanwegen it ôfnimmen fan it tal reizgers. Mar yn it 'transitieplan openbaar vervoer' misse de fraksjes de ambysje om it busferfier yn de takomst wer op it âlde nivo te bringen.

De fraksjes hawwe fragen steld oan Deputearre Steaten. Sy wolle ûnder oare witte hoe't der letter wer opskaald wurde kin as der no bushalten en -linen skrast wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)