Sosjale wurkfoarsjenning yn noardeasten kiest namme: Dokwurk

31 mrt 2021 - 20:58

It sosjaal ûntwikkelbedriuw yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel giet fierder ûnder in nije namme: Dokwurk. Nei de fúzje tusken de sosjale wurkfoarsjennings-organisaasjes Trion en Oostergo waard earst 'NEF' as wurknamme oanholden. Mar om't dit no hieltyd mear betizing mei de ôfkoarting fan gemeente Noardeast-Fryslân opsmyt, hat it bedriuw keazen foar in nije namme. Direkteur Jan Knol makke de namme bekend op in personielsgearkomste.

It sintrum fan Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Dokwurk bestiet út dok (it part fan in haven dat beskerming jout) en wurk. Yn 2019 iepene yn Kollum in reyntegraasjesintrum mei de namme Robuust, dy namme ferfalt no ek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)