Yn It Skûlplak en Harinxmaland fan Snits moatte sa'n 225 nije huzen komme

31 mrt 2021 - 19:46

Yn Snits binne plannen om yn totaal in lytse 225 huzen en apparteminten by te bouwen, dat makke gemeente Súdwest-Fryslân woansdei bekend. It giet om in nij plan foar 19 wenten en 45 apparteminten yn de sosjale hiersektor oan It Skûlplak, mar dêrnjonken ek om 160 wenten yn de wetterrike wyk Harinxmaland.

It gemeenteloket, it Bestjoershûs en it âlde Stedhûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Foar de huzen oan de Dr. Kuyperlaan, de Goeman Borgesiuslaan en de Troelstrakade (bekend as It Skûlplak) is in nij plan yntsjinne. De âlde wenten yn dit gebiet binne yntusken al sloopt. Op 29 april praat de gemeenteried oer it feroarjen fan it bestimmingsplan, om't der nije ôfspraken makke wurde oer de gebietsûntwikkeling. It giet om twa blokken fan seis en ien blok fan sân huzen. Om de 45 apparteminten hinne komt in parkêftige omjouwing.

Yn de wyk Harinxmaland binne al hûnderten wenten ynpland yn de earste faze fan de wenningboulokaasje. De gemeenteried is no frege om jild beskikber te stellen foar de twadde faze. It giet earstoan om in gebiet fan sa'n 10 bunder westlik fan de spoarline nei Ljouwert. Dêr moatte 160 huzen komme. Yn totaal giet it yn de twadde boufaze om 64 bunder. Foar dit projekt ferwachtet de gemeente dat der yn 2023 boud wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)