Studinte fan Britsum ûndersiket hoe't 'breidsskat' tsjerken omleech kin

31 mrt 2021 - 18:59

Wat docht in tsjerklike gemeente mei it tsjerkegebou as sy it finansjeel net mear ûnderhâlde kinne? Foar guon wichtige tsjerken springt Stichting Alde Fryske Tsjerken yn 'e bocht. Mar dat is noch wolris dreech, want dy tsjerken hawwe lang net altyd mear djippe bûsen. De 22-jierrige studinte Geanne Panstra fan Britsum docht dêr ûndersyk nei.

Foto: Stichting Alde Fryske Tsjerken

As tsjerken fan eigener wikselje jouwe tsjerklike gemeenten faak in 'meegeefsom' mei, in soarte breidsskat foar takomstich ûnderhâld of restauraasje. Geanne Panstra sil foar har ôfstudearstaasje foar de oplieding Vastgoed & Makelaardij ûndersyk dwaan nei it rendemint fan tsjerken yn relaasje ta dizze breidsskat.

De 'meegeefsom' wurdt bepaald op basis fan ferskate faktoaren, benammen de boukundige steat fan de tsjerke. Panstra wol de takomstige bestimming fan in tsjerke yn it proses meinimme yn de berekkeningen.

Underhâld garandearje

"As in tsjerke net genôch finansjele of bestjoerlike middels hat om de tsjerke te behâlden, kinne sy kontakt opnimme mei Stichting Alde Fryske Tsjerken," leit Panstra út. "Dan folget in oriïntaasjepetear en der wurdt in boukundige ynspeksje dien. Under oare dêrmei wurdt der sa'n 'meegeefsom' berekkene, om it ûnderhâld fan de tsjerken foar de kommende jierren te garandearjen."

Mar as der yn de takomst jild ophelle wurde kin mei bygelyks it ferhieren fan de romte foar aktiviteiten, soe dy 'meegeefsom' miskien omleech kinne. "Mar dat rendemint komt pas nei't se oerdroegen binne. Dat jild soene je al reservearje kinne yn in legere 'meegeefsom.' As dy nei ûnderen kin, dan binne der mear tsjerken dy't mooglik oerdroegen wurde kinne." En dat soe yn guon gefallen hiel wolkom wêze foar gemeenten.

Hânfetten

Panstra wol ek sjen nei de oanpassingen dy't mooglik binne. Al binne dat mar lytsen, want it giet faak om monumintale tsjerken. Neffens har binne just monumintale gebouwen tige nijsgjirrich. Sy hopet Stichting Alde Fryske Tsjerken en tsjerkegemeenten wat mear hânfetten jaan te kinnen by it oernimmen.

Geanne Panstra fan Britsum

(Advertinsje)
(Advertinsje)