Fertochte oanholden foar brânstichting plysjeburo Dokkum mei jierwiksel

31 mrt 2021 - 18:40

De plysje hat in 32-jierrige man fan Noardeast-Fryslân oanholden foar brânstichting by it plysjeburo fan Dokkum mei de jierwiksel. Op 1 jannewaris waard der yn de nacht in foarwerp nei binnen smiten dat yn 'e brân stie. De brân koe útmakke wurde, mar it plysjeburo rekke wol skansearre.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Neffens de plysje wurdt der in proses-ferbaal opmakke tsjin de man. De fertochte is sneon al oanholden, meldt de plysje.

Trefwurden: 
Dokkum plysjeburo jierwiksel
(Advertinsje)
(Advertinsje)