CDA en D66 springe yn 'e bocht om ôffalproblemen yn Ljouwert

31 mrt 2021 - 18:36

De Ljouwerter fraksjes fan it CDA en D66 hawwe fragen oan it kolleezje steld oer ôffalproblemen yn de gemeente. Sa seit Fokelien van der Meulen fan it CDA dat sy ferline simmer ferskate kearen foto's trochstjoerd krige fan grôtfolle ôffalbakken. D66 stelt just fragen oer in spesifyk probleem: de oerlêst fan swalkôffal yn de omkriten fan de McDonald's yn Goutum.

Foto: D66 Leeuwarden

Neffens it CDA spylje der benammen problemen mei ôffal by rekreaasjegebieten. Dat kaam ek boppe driuwen op in gearkomste yn Grou. De fraksje wol graach witte hoe faak de gemeente meldingen krijt fan folle bakken. De partij pleitet foar maatwurk: sjen oft alle bakken op in goede plak stean.

Corona-ôffal

D66 krige just sinjalen út Goutum wei dat omwenners in soad hinder hawwe fan ôffal fan de McDonald's. Neffens harren komt dat ûnder oaren om't minsken fanwegen it coronafirus net yn it restaurant ite meie en dat der mear út auto's wei iten wurdt.

De fraksje hat kontakt lein mei de eigener fan de McDonald's, mar dy seit dat ôffalbakken by de Boksumerdyk stikken makke binne. De gemeente hat dy noch net ferfongen. De eigener wol sels ek wol in grutte bak delsette by de Brédyk-Boksumerdyk, mar dêr hat de gemeente noch gjin tastimming foar jûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)