Scooterrider falt, wurdt oanriden en rekket ferwûne by Koartehimmen

Oan de Boskwei yn Koartehimmen is woansdeitemiddei in bestjoerder fan in scooter ferwûne rekke. Neffens tsjûgen soe de persoan de macht oer it stjoer ferlern hawwe, yn de berm telâne kaam wêze en dêrnei oanriden wêze troch in auto. De auto koe de scooter net mear ûntwike.
© Raymon Roersma / ProNews
It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs, nei't er behannele is troch ambulânsepersoniel. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.