Nije evakuaasjeboat foar studinten Maritieme Academie Harns

31 mrt 2021 - 17:59

De Maritieme Academie yn Harns hat in nije 'free fall lifeboat' foar seefeartstudinten fan it mbû en hbû yn Harns. Dizze evakuaasjeboaten wurde troch de studinten brûkt as tarieding foar needsituaasjes oan board.

Foto: Maritieme Academie Holland

It giet om in útwreiding op it besteande safety trainingssintrum fan de Maritieme Academie Holland (MAH). "Met de installatie van deze free fall lifeboat krijgt niet alleen de MAH, maar ook de gemeente Harlingen de moderne maritieme uitstraling die ze verdient", seit Arjen Mintjes as direkteur fan Maritieme Academie Harns.

Ek seefeartstudinten fan Urk, Delfzijl, Terschelling, Amsterdam en IJmuiden komme mei harren opliedingen in wike nei Harns om te trainen mei ûnder oare dizze boaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)