FIDEO: Fjouwer Fryske Twadde Keamerleden ynstallearre

31 mrt 2021 - 17:30

"Dat ferklearje en ûnthjit ik": dat klonk dizze woansdeitemiddei fjouwer kear yn Den Haag. Mei elkoar 59 Twadde Keamerleden waarden beëdige. Ien fan harren is Habtamu de Hoop fan Easterein. Mei 22 jier is hy de alderjongste nijkommer yn it parlemint.

Ynstallaasje Twadde Keamer

Ek Romke de Jong (D66) fan De Gordyk begjint yn de Twadde Keamer. Aukje de Vries (VVD) en Harry van der Molen (CDA) sieten al yn de Twadde Keamer en binne opnij beëdige.

Harry van der Molen en Romke de Jong

Noch in Fryske belofte

Der wie nóch in Fries (om utens) dy't syn belofte ôflei yn it Frysk: Folkert Idsinga út Amsterdam fan de VVD. Hy is foardroegen út it tematysk netwurk wei. Hy is berne yn Allardseach by Bakkefean. "It Frysk is de taal fan it hert, dus op sa'n bysûnder momint dochst dat yn it Frysk." Hy hat der sin oan. "Mar ik begjin earst mei myn wei te finen. It is letterlik en figuerlik in doalhôf. Je meitsje de stappen wol op in dei, dat is wol sûn." De fiskalist krijt belestingen syn portefúlje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)