Skoalle De Wingerd yn Damwâld krijt 24.000 euro foar oanpak fersakking

31 mrt 2021 - 16:58

De gemeenteried fan Dantumadiel hat tiisdeitejûn besletten dat se foar fersakkingsproblemen by SO De Wingerd yn Damwâld 24.000 euro beskikber stelle. De grûn by de skoalle foar spesjaal ûnderwiis fersakket as der in soad reinwetter falt. It probleem spilet al sûnt de bou fan it pân. Dêrom hat de skoalmienskip in spoedoanfraach by de gemeente yntsjinne.

It giet om in konstruksjeflater yn de fûndearring, leit ynterim-direkteur Eelke Hoekstra fan De Wingerd út. "Mei min waar en swiere buien spielt it sân ûnder de tegels fan it plein fuort, dêrtroch komme der grutte gatten by de fûndearring en de gevel fan de skoalle. Dan kin wer gefaarlike situaasjes opsmite. Us learlingen soene dêr yn stappe kinne. Dit bart al flink wat jierren, dizze flater bestiet al sûnt de bou fan de skoalle, goed tsien jier lyn."

It die bliken dat de reparaasjes fan it ferline net ôfwaand binne en dat it probleem der noch hieltyd is.

Gjin lapmiddels mear

Dat is ek de reden dat de skoalle by de gemeente om jild frege hat: "Wy freegje in finansjele bydrage fan de gemeente, om't it om in konstruksjeflater giet dêr't de gemeente foar oanspraaklik is. Wy hawwe al faker nei de gemeente skreaun dat hjir wat mei barre moat, bygelyks yn 2016 en 2018. Mar eltse kear waard it mei lapmiddels ferholpen, mar de konstruksjeflater is der noch hieltyd. En dêrtroch it probleem ek. Dêrom wolle wy graach in definitive oplossing."

Ynterim-direkteur Eelke Hoekstra fan De Wingerd

De Wingerd yn Damwâld op argyfbyld - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)