It keatsbûn stelt alle regio- en KNKB-wedstriden út oant 4 juny

31 mrt 2021 - 16:37

It KNKB hat besletten alle regio- en KNKB-wedstriden oant 4 juny út te stellen. "Wij zijn van mening dat er binnen de huidige regelgeving nog geen ruimte zit in het opstarten van de wedstrijdsport," sa lit it keatsbûn witte.

It keatsbûn KNKB (Koninklijke Nederlandse Kaatsbond) - Foto: KNKB | Wikimedia Commons

Earder waard al bekend dat it keatsseizoen ûnûntkomber letter begjinne soe as mei Keningsdei, dan is gewoanwei yn Holwert in earste klaspartij. No stiet der definityf in streek troch de boel oant 4 juny. "Wy sjogge mei de regels fan no gjin kâns om de wedstriidsport op te starten. Wy hawwe oerlis hân mei NOC*NSF en sels mei de KNVB en sy sjogge itselde byld. It perspektyf is der gewoanwei net," seit direkteur Marco Hoekstra fan it KNKB.

Wol romte by pleatslike ferieningen

It protokol fan NOC*NSF 'Coronavirus en sport' jout neffens it KNKB wol romte foar 'eigen alternatieve kaatsactiviteiten' binnen de pleatslike ferieningen. It bûn jout fierder oan alle ûntwikkelingen te folgjen. "Betreffende de komende periode hanteert de KNKB bovenstaand uitgangspunt met het zogenaamde 'nee, tenzij'-principe."

Grutte beheiningen binne de reisbewegingen en it fermingen fan ferskate groepen, jout hy oan. "Binnen de eigen ferieningen is it gjin probleem, keastsferieningen kinne gerêst eigen aktiviteiten opsette. Mar wedstriden oer de hiele provinsje sit der echt net yn." Dy alternative aktiviteiten binne wol in soarte beuzichheidsterapy, jout Hoekstra ta. "Je wolle de boel oan de gong hâlde. It is moai om te bewegen en te sporten. Mar it soe moai wêze as it ek yn wedstriidferbân kin."

It oantal besmettingen en opnamen lit sjen dat de boel noch net fuort rommer wurdt, tinkt Hoekstra. "Ik hoopje dat it 13 april mei de kommende parsekonferinsje oars is, mar dêr gean ik net fanút. Eltsenien fynt it tige spitich. Wy ek: je stekke in soad tiid en enerzjy yn it tarieden, dêr giet wol in streek troch. Wy wolle earst noch net te fier foarút sjen."

KNKB-direkteur Marco Hoekstra

Trefwurden: 
keatsen KNKB coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)