FIDEO: LDODK-trainer Mulder nimt ôfskied mei nederlaach yn kwartfinale Kuorbal League

31 mrt 2021 - 15:59

It sealseizoen fan LDODK sit derop. De kuorballers fan De Gordyk ferlearen tiisdeitejûn yn de kwartfinale fan Fortuna. Dat betsjutte fuortendaliks ek it ôfskied yn de Kuorbal League fan trainer Henk Jan Mulder. Nei fjouwer seizoenen sa ôfskied nimme klinkt soer. Mar emoasje wie by Mulder hast net te bespeuren...

Sjoch hjir nei in reportaazje oer de lêste wedstriid fan Henk Jan Mulder

(Advertinsje)
(Advertinsje)