Gemeente Ljouwert: "It is drok yn Prinsetún, mar net té. It is behearskber"

31 mrt 2021 - 15:58

Foar de twadde dei op 'e rige is it tige drok yn in simmerske Prinsetún yn Ljouwert. Foar guon is it wat te folle. Sa seit in frou: "Ik ben geschrokken van hoe druk het is. Dat maakt wel dat we zeiden: hier keren we om. Het nodigt niet uit om hier te gaan wandelen." Dochs is it neffens gemeente Ljouwert net té drok. "It is gesellich. Wol drok, mar net té. Der is hanthavening oanwêzich om minsken oan te sprekken as sy te ticht byinoar sitte. Mar it is behearskber."

Gemeente Ljouwert: "It is drok yn Prinsetún, mar net té. It is behearskber"

Yn it stedspark fan Ljouwert sitte, lizze en kuierje woansdeitemiddei hûnderten minsken. In jonge seit: "Het is hartstikke lekker, even geen corona-idee hier. In het zonnetje, iedereen doet hetzelfde en neemt een genietmomentje." Hy sjocht ek wol dat der wol in soad minsken binne. "Het is inderdaad pittig druk, maar daar ga ik in mijn eentje niets aan veranderen. Dat is aan de politie om daar wat aan te doen. Tot die tijd geniet ik er even van."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar makke in kuier troch it park

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Op syn beloop

Der rinne wol in stik of seis boa's om yn de Prinsetún en der rydt ris in plysjewein del, mar fan hurd yngripe is gjin sprake. "Iedereen kan wat aan de afstand doen natuurlijk, maar iedereen staat er hetzelfde in: ik neem het er even van, morgen gaan we weer twaalf graden omlaag," seit in jonge.

Ek by de frou dy't dochs efkes in oar kuierpaad nimt, is wol begryp. "Het is ook wel logisch: mensen hebben geen tuin, ze hoeven niet altijd naar school. Dan is dit een uitgelezen plek om te gaan zitten. Maar wij zoeken nu een rustige plek op, uit de drukte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)