204 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

31 mrt 2021 - 15:20

Der binne de ôfrûne 24 oeren 204 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der 30 mear as tiisdei. Doe wienen it der 174. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen sa'n 242 nije besmettingen by kaam yn Fryslân.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (48), dêrnei folgje Ljouwert (28) en Hearrenfean (18).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien persoan ferstoarn as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.

Der wienen twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 7.684 nije coronabesmettingen registrearre. Yn trochsneed wiene dat der 7.419 op in dei oer de ôfrûne wike.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)