Aldfryske oarkonden beskreaun en útlein yn nij boek fan Oebele Vries

31 mrt 2021 - 15:10

Yn syn nije boek Ferdban beskriuwt histoarikus Oebele Vries hûndert Aldfryske oarkonden en har ferhaal.

Foto: Bornmeer

"De oarkonden binne yn it Aldfrysk fêstlein, want dat wie de taal fan de minsken om 1500 hinne", leit Oebele Vries út. "Der binne mear as 1250 oarkonden bewarre bleaun. Yn it boek stean 100. It binne in soarte fan akten, dêr't offisjele saken yn fêstlein waarden lykas de ferkeap fan in stik grûn of in hûs. No bart soks by de notaris, doe die de pastoar dat, want dy koe skriuwe. Faak kaam der ek in segel op."

Neist akten fan houliken en testaminten die Vries in bysûndere ûntdekking oer it ûntstean fan de bysûndere posysje fan It Amelân. Dat hearde earder by de gritenij Ferwerderadiel, mar rekke los en waard in saneamde 'heerlijkheid' dêr't de famylje Cammingha de baas wie. "Der wienen al twa oarkonden oer bekend, mar ik fûn der in tredde by en sa koe ik mei nije útlis fan dy oare oarkonden in nij byld sketse oer it ûntstean fan dy bysûndere posysje."

Yn it boek komt ek in oarkonde fan Grutte Pier foarby. "It is in keapbrief mei Grutte Pier as hanneljend persoan, dus doe't er noch boer yn Kimswert wie en noch net de striid tsjin de Hollanners oppakt hie. Ek it testamint fan de mem fan Grutte Pier is opnommen yn it boek."

Oebele Vries

Ferdban betsjut 'fredegebod' en ferwiist nei in rjochtsgewoante út de sfear fan it âlde Fryske rjocht. Dit âlde begryp feroare om 1500 hinne nei de saaklike term 'consent' (tastimming).

(Advertinsje)
(Advertinsje)