Piet Paulusma: "It wie nea earder sa waarm op 31 maart"

31 mrt 2021 - 15:26

It is woansdei de alderearste waarme dei fan 2021 yn Fryslân. Op in waarme dei komt de temperatuer op ien fan de KNMI-stasjons boppe de 20 graden út. It wie ek net earder sa waarm op 31 maart sûnt de mjittingen begûn binne op it waarstasjon yn Ljouwert yn 1951: om 14.00 oere joech de termometer op de fleanbasis Ljouwert 21.1 graden oan en waard it úteinlik 21.7 graden.

Sinneskynwaar yn it sintrum fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It âlde deirekôr stie op 21.0 graden yn 2017. Dat is net de heechste temperatuer ea metten yn maart op it KNMI-stasjon yn Ljouwert, dat wie 23.0 graden. Net oeral yn ús provinsje rûn de temperatuer sa heech op. De Waadeilannen hienen it om 14.00 oere hinne mei 16.0 graden op Skylge en 15.9 op Flylân wat frisser.

Neffens waarman Piet Paulusma wie it al de ferwachting dat it waarmterekôr falle soe. "Juster kamen wy krekt 0.1 graad te koart. It is simmerwaarmte mei 18 of 19 graden yn it Waadgebiet en 21 oant 22 graden op it fêstelân," seit de waarman fan Omrop Fryslân.

Maksimumtemperatueren KNMI-stasjons 31 maart:

Ljouwert: 21.7

Starum: 20.8

Lauwerseach: 19.4

Skylge: 17.6

Flylân: 17.2

(Advertinsje)
(Advertinsje)