Noch foar syn ynstallaasje as Steatelid stapt Van Swol oer nei oare partij

Fersplintering yn de polityk docht him net allinnich foar yn de Twadde Keamer, mar ek yn Provinsjale Steaten. Woansdeitemoarn is dêr de Ljouwerter Samuel van Swol (36) beëdige as nij Steatelid.
Steatelid fan Samuel van Swol © Omrop Fryslân
Samuel Van Swol
Van Swol stie op de list fan Forum voor Democratie en komt yn de Steaten yn plak fan Johann Stellema, dy't koartlyn út de provinsjale polityk stapte. Van Swol wol no lykwols neat mear te krijen hawwe mei Forum fanwege 'de racistische en boreale gedachten' dy't by dy partij libje soene.

Fraksje Van Swol by Code Oranje

Van Swol hat him oansletten by de jonge politike partij Code Oranje fan de Haachske âld-wethâlder Richard de Mos, mar sit no formeel yn de steaten as 'fraksje Van Swol'. Yn de steaten wol Van Swol him sterk meitsje foar 'de burgerdemocratie' mei mear direkte ynfloed fan de boargers op de beslútfoarming.
As foarbyld neamt er hoe't de polityk hjoeddedei mei de boeren om giet. "Er wordt teveel over de boeren gepraat, zonder de boeren dat moet anders. Dat ze steeds op de trekker naar het Provinciehuis moeten rijden om aandacht te krijgen voor hun ideeën is niet goed."
Yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries hiene Fryske pommeranten stevige krityk op de oerstap fan Van Swol. Max Aardema, Jenny Douwes en Habtamu de Hoop neamden de stap 'moreel net ferantwurde'.

Fersplintering yn Fryslân

Van Swol is de earste folksfertsjintwurdiger fan Code Oranje yn Fryslân, ek al hjit er formeel 'fraksje Van Swol'. De Ljouwerter wiist der op dat er ferskate politike geestferwanten hat yn ûnder oare de provinsje Noard-Hollân.
Troch de beëdiging fan Van Swol hat it Fryske parlemint op dit stuit mar leafst 14 fraksjes op 43 leden en dat koe wolris in rekôr wêze. De fraksje fan Forum voor Democratie, dy't nei de ferkiezings noch seis leden telde, hat der no noch fjouwer oer. Earder stapte de Ljouwerter Maarten Goudzwaard út de fraksje. Hy sleat him oan by de nije politike partij JA21. Yn de steaten hjit er formeel 'fraksje Goudzwaard'.