HEA! Autosloper Henkie langet nei in feestje
Wat autosloper Henkie Huizenga fan Koatstertille oanbelanget is it gau dien mei de coronakrisis. "Ik hâld wol fan in feestje", laket er. In lekker bierke, wat ôfwaaid praat en dûnsje op livemuzyk, it makket Henkie neat út wat de minsken fan him fine. Sadree't it wer kin, lûkt Henkie in bierke iepen en springt er op 'e tafel.