In jubileum fiere yn coronatiid, sportklups meitsje der it bêste fan

31 mrt 2021 - 14:06

Hoe dogge je dat as sportklup: in jubileum fiere yn coronatiid? Want op dit stuit sit in grutte feesttinte of in jubileumtoernoai der net yn. Der kin net in soad, mar de sportklups yn Noardeast-Fryslân springe kreatyf mei harren jubilea om. Dat jildt bygelyks foar kuorbalklup DTL yn Hantum en foar fuotbalferiening De Wâlden yn Damwâld.

Ofrûne tiisdei bestie de kuorbalklup yn Hantum presys sechtich jier. Om dochs by dat feit stilstean te kinnen, hie hast it hiele doarp de flagge út foar DTL. In moai sinjaal yn dizze tiid, neffens tydlik foarsitter Dedde Jan Tilma. "Ek hjir op it kompleks steane de flaggen út, om it net samar oan ús foarbygean te litten."

De kommende tiid wurdt binnen de klup ek wurke oan it digitalisearjen fan âlde foto's. "Wy ha in mediakommisje dy't hjir no mei dwaande is. It is in moaie tiid om ris dy âlde foto's op te sykje en te digitalisearjen."

Yn it sechtichjierrich bestean fan DTL (De Tinnen Leppel) is in soad bard. Dêr't oare kuorbalklups yn de regio nei ferrin fan tiid opheft waarden, bliuwt it kuorbal yn Hantum noch altyd grut. "Der moatte fansels goede motors wêze, dy't de feriening draaiende hâlde", neffens âld-foarsitter Willem Tilma. "En wy ha yn Hantum wol it foardiel dat der gjin fuotbal is yn it doarp. Ik haw altyd sein: as jimme fuotbalje wolle prima, mar doch dat dan yn Ternaard, Holwert of Dokkum."

VV De Wâlden

Foar fuotbalferiening De Wâlden yn Damwâld moat it jubileum letter dit jier noch komme. Op 1 septimber bestiet de feriening 75 jier. Hoe't dat krekt fierd wurdt, is noch net hielendal dúdlik. Mar neffens foarsitter Richard van der Lei is de klup fleksibel genôch om wat moais te betinken as der aansten wer wat mear mei. "In groep minsken soe in jubileumfeest organisearje, en ek oare aktiviteiten op it fjild. Oft dat trochgiet, witte wy no noch net. Mar as der wat kin, dan dogge wy dat. Wy hâlde hjir yn De Wâlden wol fan in feestje."

Foto: Koos Scherjon, RTV NOF
(Advertinsje)
(Advertinsje)