It Fryske Gea transformearret polders nei wiet fûgeltsjelân

It iis op de Ryptsjerksterpolder hat plakmakke foar in grut plasdrasgebiet. It Fryske Gea hat yn 'e polder greppels ûnder wetter set foar de greidefûgels. En dat slacht goed oan; it is der drok mei briedende fûgels. Yn it gebiet sitte sa'n 1.600 skriezen, ljippen, tjirkjes, pylksturten, guozzen en einen. Ek de Binnemiede- en Weeshúspolder binne klear foar it nije greidefûgelseizoen. En dat is nedich ek.
In part fan de Ryptsjerksterpolder, de saneamde winterpolder, leit der yn dizze tiid gewoanwei drûch by. Mar It Fryske Gea hat de greppels yn it gebiet no foar it twadde jier ûnder wetter set.
We seagen fuortendaliks dat de stân fan de greidefûgels tanaam en dat is ferrekte suksesfol.
Jan Jelle Jongsma, It Fryske Gea
"We hiene soks fan as we it hjir in bytsje wieter meitsje kinne, dan kinne we ek fûgels hjir nei ta lokke as briedfûgels. We seagen fuortendaliks dat de stân fan de greidefûgels tanaam en dat is ferrekte suksesfol" seit distriktshaad Jan Jelle Jongsma.
De greidefûgels ha it dreech yn de bûtengebieten fan Fryslân om't de simmers drûch binne en in soad wetter ferdampt. De pykjes ite michjes en dy binne net in protte te finen op plakken dêr't gjin wetter stiet. Ut bittere needsaak besiket It Fryske Gea safolle mooglik plakken ûnder wetter te setten om de greidefûgels in kâns te jaan te brieden én in takomst te hawwen. Wiete greppels en stikken lân lûke no al mear ljippen, strânljippen en boumantsjes docht út tellingen bliken.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea oer de Ryptsjerksterpolder
Boeren en fûgelwachters wurde troch It Fryske Gea oproppen om safolle mooglik plakken ûnder wetter te setten, mar se sjogge dêrby ek kritysk nei harsels, seit Jan Jelle Jongsma.
De natuerorganisaasje makke him yn de jierren '60 en '70 by de kar foar parkachtige lânskippen en reidfjilden net drok om de greidefûgels, want dy koene har noch bêst rêde. Mear iepenheid yn it lânskip en wietere plakken moatte foar in omslach soargje.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn de Ryptsjerksterpolder