Tentoanstelling toant ûnderdûkbern mei libbensgrutte portretten

31 mrt 2021 - 12:57

Fjirtjin libbensgrutte portretten fan Joadske ûnderdûkbern binne fan no ôf te sjen op ferskate plakken yn de provinsje. De iepenlofteksposysje 'Wy koenen der noch wol ien by ha' is iepene troch Fred van Vliet dy't as poppe nei Snits smokkele waard en dêr de Twadde Wrâldoarloch oerlibbe.

Tentoanstelling toant ûnderdûkbern mei libbensgrutte portretten

"It idee fan de tentoanstelling is om it kontrast fan doe en no sjen te litten. Doe waarden de bern út feilichheid fuortstoppe en krigen se in oare namme en identiteit. No libje we 75 jier plus ien yn frijheid en litte we dy bern sjen, sa dat se al fan fierôf te sjen binne", fertelt Gerard van der Veer, projektlieder fan 'De terugkeer van de Joodse kinderen'.

By dat projekt hearre noch tal fan oare saken lykas dokumintêres fan Fryslân DOK en in podcastrige. "En op 25 april ha we in live útstjoering mei minsken dy't as bern nei Fryslân smokkele binne. It idee wie om se nei Fryslân te heljen foar in reüny, mar fanwegen corona kin dat net en dogge we it no op in firtuele manier. Ut petearen docht bliken dat se faak noch kontakt mei de ûnderdykfamylje hawwe en mei waarme gefoelens oer Fryslân prate."

De foto's binne twa moannen te sjen yn it Fryske lânskip. Neist Snits binne de foto's ek te sjen op De Jouwer, Ljouwert, Boalsert, Raerd, Burchwert, Easterwierrum, Drachtsterkompenije, Holwert, Blije en Ferwert.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Fred van Vliet

Ien fan de bern wie Fred van Vliet. Hy siet yn de oarloch ûnderdûkt yn Snits. As lyts Joadsk jonkje fûn hy yn 1943 ûnderdak by de famylje Van Vliet oan de Singel 29. Hy is no 78 jier.

"Ik heb hier een gelukkige jeugd gehad. Ik ben hier als baby door Iet van Dijk gebracht op 14 november in 1943. Eerst bij de dominee en toen bij de familie Van Vliet. Ik zeg ook vader en moeder, ze hebben me zo liefdevol opgevoed. Ze waren mijn redding dat ze me hebben laten onderduiken. Dat was ook moedig van ze, want aan de overkant was een kazerne met Duitse soldaten."

Fred van Vliet hearde pas oer syn echte famylje doe't er alve jier wie. "Een vriendje zei tegen me dat ik een rotjood was. Ik wist niet eens wat dat was. Toen heeft moeder me verteld wat er gebeurd was met mijn echte ouders. Die zijn in januari 1944 in Auschwitz vergast. Toen ik dat hoorde drong het nog niet goed tot me door. Later kwam de angst."

Hy is wiis mei de fototentoanstelling. "Ik vind het heel bijzonder en het toont mijn dankbaarheid naar de familie Van Vliet die zo goed voor me gezorgd hebben. Ik weet niet of mijn eigen ouders net zo goed voor me gezorgd zouden hebben. Ik noem dit echt mijn ouderlijk huis."

Fred van Vliet

Projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' - Foto: Omrop Fryslân

'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in projekt fan Stichting De Verhalen, yn it ramt fan de betinking fan de Twadde Wrâldoarloch en de fiering fan 75plus1 jier frijheid. De oarlochsskiednis fan mear as 200 Joadske ûnderdûkbern stiet dêrby sintraal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)