Peaske-aaien foar 'zorgkanjers' fan Ljouwerter sikehûs MCL

31 mrt 2021 - 11:31

Soarchmeiwurkers fan it Ljouwerter sikehûs MCL wurde dizze dagen ferrast mei peaske-aaien. De ferrassing fan sûkelade is in inisjatyf fan in grutte winkelketen yn ús lân.

Foto: ANP

De non-food-discountwinkel fynt dat de meiwurkers "zorgkanjers" binne en al in jier lang ûnder drege omstannichheden wurkje. De fjouwer pallets mei sûkelade binne woansdei besoarge, it giet om 2.200 kilo sûkelade.

De sûkelade-aaien wurde de kommende dagen útdield oan mear as trijetûzen meiwurkers fan it sikehûs. Neffens wurdfierder Frits Mostert wurdearje dy meiwurkers dit positive idee bot.

(Advertinsje)
(Advertinsje)