Utspraak Raad van State: Mear ûndersyk nei houtkachels net nedich

De Raad van State fynt it net nedich dat de gemeente Ljouwert mear ûndersyk docht nei de oerlêst fan reek en stof fan it groeiend tal houtkachels yn de gemeente.
© Simone Scheffer Omrop Fryslân
Yn de útspraak wiist de Ried yn Den Haag it fersyk dêrta fan Ronnie Pieters út Ljouwert fan de hân. De heechste bestjoersrjochter fynt dat de gemeente genôch ûndersyk dien hat nei klachten fan Pieters oer de oerlêst fan houtkachels yn de wyk Westeinde dêr't er wennet.
Yn 2018 hat de gemeente 12 kontrôles dien yn de buert fan syn hûs. Dêrby is gjin reek- of stooklucht waarnommen. Wol by in hûs fierderop.
Pieters striidt al langer tsjin de oerlêst fan houtkachels. Syn frou hat longklachten en hat dêrtroch in soad lêst fan de reek fan houtkachels. "Mijn vrouw zit meer dan de helft van het jaar opgesloten in een kamer van 3 bij 4, omdat ze thuis niet kan ademhalen", sei er earder.
Neffens de ried is út ferskillende ûndersiken net in dúdlik byld nei foaren kaam oer skealikheid fan houtkachelreek foar omwenners.