13 Miljoen euro foar Ljouwert as stipe yn coronatiid

De gemeente Ljouwert lûkt goed 13 miljoen euro út om tal fan sektoaren te stypjen yn dizze coronakrisis. Neist de twa miljoen foar de kultuersektor is der jild foar wurk, skuldhelpferliening, soarch, non-profitynstellingen en ûndernimmers.
Hoareka yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente hat de kompensaasjejilden fan it Ryk krigen. As de gemeenteried ynstimt mei it foarstel binne mooglike plannen om terrassen tydlik út te wreidzjen, gjin belesting op terrassen te heffen en ek gjin leezjes foar eveneminten.
Non-profitorganisaasjes op it mêd fan sport, rekreaasje, en sosjaal maatskiplike organisaasjes en ynstellingen kinne in berop dwaan op de 'Regeling noodfonds Corona 2021 gemeente Leeuwarden'. Dizze ynstellingen komme faak net yn de beneaming foar kompensaasjepakketten fan it Ryk. Mei it needfûns kin de ynfrastruktuer yn dizze drege tiid dochs oerein bliuwe.
Mei sân sosjaalekonomyske projekten set Ljouwert ek yn op in duorsum posityf effekt. Dêrby giet it ûnder oare om mear grien en keunst yn de stêd, kwetsbere wurknimmers arbeidsfit hâlde, mear saaklik toerisme en kongressen binnen te heljen en in wenningplan foar de binnenstêd.
De gemeente tinkt foar de simmer útwurke plannen te presintearjen.