Bewenners Ludinga: gau yngripe

De gemeente Harns moat direkt yngripe by de wenwyk Ludinga. De bewenners fiele har de dupe fan de striid tusken de gemeente en projektûntwikkeler Klaver. Dat die woansdeitejûn bliken op in ynformaasjejûn. Sy hawwe hielendal gjin betrouwen yn it plan fan de gemeente om in koart pleit tsjin Klaver oan te spannen. It giet om de diken, de ferljochting en it iepenbier grien.
Klaver moat der - neffens de gemeente - foar soargje dat de saak yn oarder is, mar hy docht neat omdat hy en de gemeente it net iens binne oer oare saken.
Harns seit dat al tajûn is oan Klaver dat er by it winkelsintrum Kimswerda útwreidzje mei en dat er 26 starterswenten yn Ludinga bouwe mei.
It konflikt tusken Harns en Klaver spilet al moannen. De gemeente hat al earder nei de rjochter west, mar dy ferwiisde de partijen werom nei de ûnderhannelingstafel. In bemiddeler hat besocht Klaver en de gemeente byelkoar te bringen, mar ferline wike die al bliken dat soks op neat útrûn is. De gemeente wol no opnij nei de rjochter om syn gelyk te heljen.